Oerheid en RegioBank wolle pinautomaten op plattelân behâlde

24 nov 2014 - 09:33
  • Minister Stef Blok mei Hans van den Bor fan de RegioBank
  • De minister brocht ek in besite oan de Spar yn Garyp

De oerheid en de RegioBank sille meielkoar oplûke foar it behâld fan pinautomaten yn plattelânsgebieten. Minister Stef Blok en RegioBank-direkteur Hans van den Bor tekenen moandeitemoarn yn Garyp in oerienkomst. De oerheid sil de bank helpe om partijen te finen dy't jildautomaten mei-finansiere kinne. Dat kinne private partijen wêze, mar ek gemeenten.

Earder gie de lanlike oerheid ek al in gearwurking oan mei supermerkketen Spar foar it behâld fan buertwinkels op it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)