Oerheden keapje mear struisâlt

01 nov 2010 - 12:12
  • It fabryk fan Frisia Sâlt yn Harns

Yn Fryslân wurdt troch oerheden in soad ekstra sâlt ynkocht foar de kommende winter, seit direkteur Durk van Tuinen fan Frisia Zout.

Ferline jier wie it tige kâld en dêrtroch wie der úteinlik in tekoart oan struisâlt. Fryske gemeenten en de provinsje Fryslân begjinne dêrom dit jier betiid om ekstra sâlt te keapjen, om de foarrieden op 'e tiid op peil te krijen. Tytsjerksteradiel hat bygelyks 150.000 ton ekstra sâlt frege, mar Dongeradiel wol gjin ekstra sâlt hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)