'Oerheden brûk Stellingwerfs'

25 maaie 2007 - 16:22

De gemeentes West- en Eaststellingwerf soene ek sels it Stellingwerfs folle mear brûke moatte. Dat sei Henk Bloemhoff fan de Stellingwerver Schrieversronte freed op de nasjonale streektaalkonferinsje yn Noardwâlde.

Bloemhoff fynt dat it ek heech tiid wurdt dat de gemeentes in eigen taalbelied ûntwikkelje. It taalbelied fan guon oare plattelânsgemeentes kin moai as foarbyld tsjinje, sa seit Bloemhoff.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)