Oergongsregeling MEP-jild

17 apr 2007 - 13:59
  • Minister Maria Van der Hoeven

Minister Van der Hoeven makket yn juny mear bekend oer it ekstra jild foar de MEP-oergongsregeling. De MEP-subsydzje foar duorsume enerzjy waard ferline jier samar ôfskaft. Yn Fryslân wiene ferskate dupearren dy't krekt in fergister of sinnepanielen kocht hiene.

Letter kaam der in oergongsregeling. Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken is no op syk nei ekstra jild foar dy regeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)