Oergongsregeling foar pjutteplakken yn Opsterlân

02 jul 2015 - 16:28

De opfang fan pjutten yn de lytsere doarpen yn Opsterlân is garandearre oant healwei oktober. De gemeente hat in oergongsregeling ynsteld, sadat de pjutteboarterslakken net op 1 augustus ticht hoege. De opfang wurdt no noch oanbean troch Timpaan Kindercentra, mar dy wol konsintraasje op in tal plakken om de foarsjennings rendabel te hâlden.

Timpaan hat de pjutteplakken yn Wynjewâld en Fryske Peallen al ôfstjitten. Foar Nij Beets, De Tynje, Langsweagen, Lippenhuzen, Terwispel en Bakkefean rinne der noch petearen mei oernamekandidaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)