Oergong Skrâns diels ticht

12 feb 2007 - 14:04

De spoarwei-oergong op de Skrâns yn Ljouwert is tiisdei de hiele dei ôfsluten foar ferkear út de stêd wei. De oergong moat opnij bestraten wurden omdat der in grutte kûle sit yn de oansluting fan it asfalt op de strjitstiennen.

De ôfsluting duorret nei ferwachting fan 9 oere moarns oant 3 oere middeis. Ferkear fan de Skrâns ôf rjochting sintrum kin wol gewoan oer it spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)