Oergong Dingsdag noch net wis

19 maaie 2006 - 09:35

Sportclub Hearrenfean en Vitesse binne it noch net iens oer de transfersom foar Michael Dingsdag. De 23-jierrige ferdigener is persoanlik rûn mei Hearrenfean, mar de clubs binne der noch net út. Neffens de saakwaarnimmer fan Dingsdag is op dit stuit it ferskil trije ton.

Binnen no en in wike hawwe Hearrenfean en Vitesse wer in petear oer de mooglike oergong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)