Oergewicht soarch foar Friezen

09 des 2005 - 09:59

Friezen meitsje har soargen oer har oergewicht. Dat docht bliken út de earste resultaten fan in grutte sûnensenkête ûnder 10.000 Friezen. Fan har hawwe 6.000 it formulier yntusken weromstjoerd nei de GGD.

Sa'n 600 Friezen hawwe fia it formulier ekstra ynformaasje frege. It giet dan benammen oer oergewicht, mar bygelyks ek oer it grutbringen fan bern. Meikoarten krije minsken dy't de enkête noch net weromstjoerd hawwe in brief.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)