Oergewicht bern wurdt slimmer

09 sep 2004 - 10:48

It oergewicht fan Fryske basisskoalle- learlingen wurdt slimmer. Dat docht bliken út in twajierrich ûndersyk fan de GGD-Fryslân ûnder 12.000 bern út groep 7 fan de basisskoallen. Fan alle 6000 learlingen yn groep 7 yn it skoaljier 2002/2003 wie 12,6% fan de jonges en 13,5% fan de famkes te swier.

Fan de 6000 bern dy't in jier letter yn groep 7 sieten, wie al 13,4% fan de jonges en 16,4% fan de famkes te swier. De GGD neamt de sifers 'soarchlik'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)