Oerflakterêdingsteams ynsteld

01 mrt 2013 - 14:28

Neist twa dûkteams kin de brânwacht yn Fryslân sûnt freed ek gebrûk meitsje fan tsien oerflakterêdingsteams. De teams binne de ôfrûne twa moanne traind en kinne de dûkteams helpe as immen rêden wurde moat. De brânwachtminsken binne spesifyk traind om minsken te rêden dy't noch oan de oerflakte fan in wetter binne. De helpferliening is no ûnderferdield yn trije kategoryen, de gewoane brânwachtkorpsen, de oerflakteteams en de dûkteams.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)