Oerfallers Ychtenbrêge tipt

12 sep 2006 - 18:05

De fjouwer manlju dy't yn april in ynwenner (70) fan Ychtenbrêge yn syn sliep geweldadich oerfallen ha, wiene tipt dat de man in soad jild yn 'e hûs hie. Tsjin ien fan de fjouwer waard tiisdei 16 moanne sel easke, wêrfan 12 ûnder betingst. De oare trije moatte yn novimber foarkomme.

Foardat de oerfallers tasloegen, hawwe se wiidweidich ûndersyk dien by de man syn hûs. By de oerfal sels hat it slachtoffer se fuortjage sûnder bút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)