Oerfallers supermerk Beetstersweach noch poater

19 aug 2015 - 17:18

De plysje hat noch gjin dieders oanhâlde kinnen fan de wapene oerfal, woansdeitemoarn betiid op de Plus-supermerk yn Beetstersweach. Doe bedrigen twa manlju mei bivakmûtsen it oanwêzige personiel. Se easken jild, mar omdat alles noch op slot siet, koenen de meiwurkers dat net jaan.

Doe't dy meiwurkers 112 bellen, naaiden de dieders út yn de rjochting fan de A7. De plysje hat nei se op syk west, mar hat se net fûn. Dy plysje hat ek ûndersyk yn en by de winkel dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)