Oerfallers snackbar poater

04 apr 2013 - 10:28

De plysje hat noch gjin fertochten oanhâlden fan de oerfal fan woansdeitejûn op in snackbar yn Drachten. In boargernetaksje hat neat opsmiten. Tsjin tsien oere kamen twa maskere manlju de snackbar yn. Se bedrigen in meiwurker mei in fjoerwapen. De meiwurker wist út it sicht fan de oerfallers te stappen en 112 te beljen.

De oerfallers binne sûnder bút útnaaid. By de syktocht nei de manlju is ek in plysjehûn ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)