Oerfallers op wenhûs Drachten pakt

08 feb 2015 - 11:24

Der binne twa manlju oanholden foar de oerfal op in wenning yn Drachten. It giet om twa Drachtsters fan 19 en 20 jier. By de oerfal, freedtejûn yn de wyk de Folgeren, bedrigen de oerfallers de bewenster en in bekende fan har mei in fjoerwapen. Se bespuiten de minsken ek mei pepperspray en easken jild. De oerfallers namen ûnder oare in spulkompjûter mei.

De plysje begûn nachts daliks in sykaksje; speurhûnen fûnen guod dat mei de oerfal te krijen hie. Nei it fersprieden fan in sinjalemint fan de dieders koene se sneon letter oppakt wurde.

It duo sit fêst yn ferbân mei it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)