Oerfallers ha mear op kerfstôk

12 jun 2009 - 10:25
  • Oerfallers ha mear winkels oerfallen

De manlju dy't yn maaie oanhâlden binne fanwege in oerfal op de Bentex yn Burgum, ha noch fjouwer oerfallen bekend. It giet om trije manlju út Zandvoort, Rockanje en Ljouwert. Dy waarden nei de oerfal yn Burgum troch de plysje klemriden en oanhâlden.

By it ferhoar die bliken dat se mear winkels oerfallen ha yn Wolvegea, Stiens, Hoogeveen en Ommen. Se brûkten in gaspistoal. De fertochten sitte fêst en wachtsje op de rjochtsaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)