Oerfallers fuortjage

19 feb 2007 - 10:27

Twa manlju fan 22 en 24 jier hawwe sneintejûn besocht in snackbar oan Achter de Hoven te oerfallen. Mei in fjoerwapen frege ien fan harren in meiwurkster om jild. De frou rôp lywols om help en de fertochten skrokken dêrfan.

De manlju flechten yn de rjochting fan de Maria Louisastrjitte. De plysje koe harren letter oan de Amelânsdwinger oanhâlde. De manlju sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)