Oerfallers De Gordyk oppakt

19 jan 2011 - 11:50

De plysje hat fjouwer ynwenners fan De Gordyk en in frou út Drachten oanhâlden op fertinking fan ynbraken yn it doarp. De fiif soene benammen har slach slein hawwe by bedriuwen. Se soene tusken septimber en desimber 20 ynbraken dien hawwe.

De plysje koe har tiisdei oppakke nei in tip. Se binne tusken de 17 en 29 jier. De jongste twa sitte noch fêst. De plysje slút net út dat der mear minsken oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)