Oerfaller winkel útset

13 sep 2008 - 13:02
  • Juster waard Greidanus oerfallen
  • De oerfaller naaide út rjochting Snits

De eigner fan de supermerk fan Ysbrechtum hat freed in oerfaller de winkel útset. By de winkel oan de Epemawei stapte in noch ûnbekende jonge binne. Hy rûn fuortendaliks op de eigner ôf en bedrige him nei alle gedachten mei in pistoal.

De eigner wie net ûnder de yndruk en sette de jonge de winkel út. Sûnder jild stapte de oerfaller op syn brommer en ried yn de rjochting fan Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)