Oerfaller Wibra langer fêst

27 aug 2014 - 16:03
  • Wapene oerfal

In 18-jierrige ynwenner fan de gemeente Eaststellingwerf, dy't fertocht wurdt fan in wapene oerfal op de Wibra yn Drachten, bliuwt tritich dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochtbank woansdei besletten. De jonge waard op 11 augustus oanhâlden, neidat út dna-ûndersyk bliken dien hie dat er by de oerfal belutsen wie. Dêrnei hat de jonge de oerfal ek bekend.

By de oerfal bedrige er it personiel mei in fjoerwapen en naaide er mei 300 euro út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)