Oerfallers kebabsaak poater

11 feb 2014 - 11:24
  • De kebasaak oan de Coopmansstrjitte yn Ljouwert.

De burgernetaksje dy't moandei nei oanlieding fan in oerfal op in kebabsaak yn Ljouwert út gie hat oant no ta neat opsmiten. De kebabsaak oan de Coopmansstrjitte yn Ljouwert is moandeitemoarn om healwei seizen oerfallen. De eigener fan de saak wie oan it skjinmeitsjen, doe't trije manlju mei in fjoerwapen de winkel ynkamen.

It trio easke jild en naaide mei in ûnbekend jildbedrach út. De plysje siket fierder nei de fertochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)