Oerfaller jildpinner oppakt

16 nov 2007 - 11:24

Yn Ljouwert is tongersdei in man fan 23 jier oppakt dy't koart dêrfoar in man oerfallen en bestellen hie. It slachtoffer helle jild út in pinautomaat doe't de man achter him him oanfoel. Omstanders koene de dieder oanhâlde, mar dy wist los te kommen en út te naaien.

De plysje hat doe fuort mei man en macht nei him socht en koe him koart dêrnei oanhâlde. De man wurdt freed foarlaat. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)