Oerfaller feroardiele

17 sep 2010 - 13:49

De rjochtbank hat tongersdei de lêste oerfaller fan juwelier de Gouden Engel yn Ljouwert feroardiele. De juwelierssaak waard trije kear achterinoar oerfallen, yn 2008 en 2009. De feroardiele man wie ek belutsen by oerfallen op twa coffeeshops yn Ljouwert en de berôving fan in echtpear.

De rjochtbank hat de man sân jier selstraf en tbs mei twangferpleging oplein. De slachtoffers krije 20.000 euro skeafergoeding

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)