Oerfaller fan prostituee socht

20 feb 2013 - 15:21

De plysje siket de man dy't in prostituee op It Hearrenfean berôve hat. Op 4 febrewaris is in meiwurkster fan Club 88 oan de Munnikstrjitte bedrige mei in mes. Se moast jild ôfstean. It slachtoffer die pas trije oeren letter oanjefte. Op kamerabylden is de dieder te sjen. It giet om in Afrikaanske meagere man fan 1.65 meter fan sa'n 50 jier. Hy hie in ljochtblauwe jas oan en ek sa'n kleur baseballpet. Minsken dy't de man kenne, kinne mei de plysje belje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)