Oerfaller: drankflesse op kop

07 apr 2007 - 15:03

In oerfaller op in dranksaak yn Ljouwert krige freed de flessen om 'e earen. De man woe in greep yn de kassa dwaan, mar de 53-jierrige eigner sloech him mei in flesse op 'e holle. Dat holp net en doe smiet de eigner noch in oare flesse nei him ta. De oerfaller naaide doe út.

De winkels is festige oan de Eastergrêftswâl. De oerfal wie flak foar seizen. De oerfaller fytste rjochting Bote_van_Bolswertstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)