Oerfaller (15) oppakt

30 nov 2010 - 16:44
  • Foto: Rudy Bouma

De plysje hat tiisdeitemiddei om 4 oere in 15-jierrige jonge út Drachten oanhâlden as fertochte fan de oerfal op in âlder echtpear. It stel waard op tiisdeitejûn 16 novimber thús oan 'e Schwartzenberghleane troch trije manlju mei maskers op oerfallen. Derby waard de 87-jierrige man slein.

De oerfallers naaiden mei in ûnbekend jildbedrach út. De plysje kaam de fertochte op it spoar fia tips út de buert en fan passanten. De plysje slút net út dat mear minsken oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)