Oerfallen troch mist op Waad

13 jan 2002 - 00:00

In man út Roden is sneontemiddei yn problemen kommen op it Waad. Hy wie by de Holwerter pier ferdwaald yn 'e tichte dize.

De plysje en brânwacht koene him mei lûdssinjalen en swaailjochten nei de wâl ta loadse. De man is hielendal oan ein nei it sikehûs ta brocht. Hy wie net in waadrinner, sa't earst tocht waard, mar wie oan it wjirmesykjen om te fiskjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)