Oerfallen thús bliuwe probleem

13 jan 2012 - 10:51

It tal oerfallen by minsken thús bliuwt in probleem foar de Fryske plysje. Dat docht bliken út de sifers fan de plysje oer ferline jier. Fan de 28 oerfallen doe wiene tolve by minsken thús. Bedriuwen binne hieltyd better befeilige tsjin oerfallen. Se hawwe sa min mooglik kontant jild yn de kassa. Dêrtroch lykje oerfallers út te wiken nei huzen.

Fan de tolve oerfallen op wenhûzen wiene fjouwer by kwetsbere minsken lykas âlderein. De plysje sjocht ek dat it faker bart dat kriminelen elkoar oerfalle, bygelyks om drugwinsten ôf te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)