Oerfal yn supermerk Frjentsjer

27 jun 2008 - 09:34

Twa meiwurkers fan de Spar-supermerk yn Frjentsjer binne tongersdei it slachtoffer wurden fan in wapene oerfal. Om healwei achten waarden de twa froulju koart nei de iepening troch in man mei in fjoerwapen bedrige. Nei alle gedachten is de man achter de meiwurkers de winkel ynrûn.

De oerfaller easke jild en krige tûzen euro út de klûs. Dêrnei rûn er de winkel út. Neidat de plysje warskôge waard is der in speurhûn ynset en in sykaksje op poaten set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)