Oerfal yn Opsporing Verzocht

11 des 2012 - 10:05

It programma Opsporing Verzocht jout tiisdeitejûn omtinken oan de oerfal op in hûs oan de Warring op 'e Jouwer. De 58-jierrige bewenster waard op 13 novimber oerfallen. In man belle moarns om healwei alven oan. Doe't de frou de doar iependie, waard se bedrige en moast se jild ôfjaan. De man naaide dêrnei út.

Opsporing Verzocht is jûn om healwei tsienen te sjen op Nederlân 1. It programma wurdt woansdeitemiddei om tolve oere werhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)