Oerfal tankstasjon It Fean

04 nov 2008 - 10:20

It pompstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean is sneintemiddei oerfallen troch in ûnbekende man. De man kaam sawat healwei fiven oanriden op in scooter.

Yn it tankstasjon bedrige er in meiwurker mei in mes, wêrnei't er in pear hûndert euro út de kassa helle. De man naaide út yn de rjochting fan Aldskoat. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)