Oerfal tankstasjon de Gordyk

06 mrt 2008 - 21:58
  • It tankstasjon oan de Badwei. Foto: Henk Stoelwinder
  • De plysje is op syk nei de dieder. Foto: Henk Stoelwinder

De plysje hat de dieder fan in wapene oerfal op in tankstasjon op de Gordyk noch net fûn. De oerfaller kaam tongersdei tsjin slutingstiid de saak yn en easke jild. Hy wie maskere en bedrige in meiwurker mei in fjoerwapen. Hy is útnaaid mei in pear hûndert euro.

De plysje hat de omjouwing fan it tankstasjon ôfset en hat mei speurhûnen nei de oerfaller socht. Dy is noch spoarleas

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)