Oerfal supermerk Ljouwert

10 nov 2005 - 07:50

Yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in supermerk oerfallen. It giet om in winkel oan de Oostersingel. In man bedrige de kasjêre mei in foarwerp dat op in mes like. Hy naaide út mei in ûnbekend jildbedrach.

Koart nei de melding hat de plysje in fertochte oanholden. Dizze man hie neat mei de oerfal te krijen, sa die bliken. Hy is wer frijlitten. De plysje hat in dúdlik sinjalemint fan de dieder en freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)