Oerfal supermerk Harns

03 feb 2010 - 09:49

Trije manlju ha tiisdeitemoarn betiid besocht in supermerk yn Harns te berôvjen. In meiwurker fan de winkel seach dat de manlju mei bivakmûtsen op har achter in container ferskûlen. De meiwurker is wer fuortriden en hat de plysje warskôge.

Doe't de plysje oankaam wiene de manlju fuort. In speurhûn fûn op it winkelterrein oan de Klipperstrjitte in geurspoar fan de oerfallers, dêrom tinkt de plysje dat se mei de auto útnaaid binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)