Oerfal supermerk foarkaam

21 jan 2010 - 13:35
  • De winkel oan it Willem Alexanderplein, Ljouwert

In oerfal op in supermerk yn Ljouwert is tongersdeitemoarn mislearre. It giet om it filiaal fan Super de Boer oan it Willem Alexanderplein. Om sân oere moarns soe in meiwurkster by de personielsyngong deryn gean. Op dat momint seach se twa persoanen mei in bivakmûtse op stean. De frou die doe gau de doar op 't slot.

De plysje wit noch net oft der in ferbân is mei earder oerfallen yn Ljouwert. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)