Oerfal Poiesz yn Ljouwert

13 nov 2009 - 13:18

Yn Ljouwert is freed in supermerk oefallen. It giet om Poiesz yn de Wilgenstrjitte. Krekt nei iepening om 7 oere kamen twa manlju mei mûtsen op de winkel yn, bedrigen it personiel mei in fjoerwapen of in foarwerp dat derop like, en easken jild. Dêrnei naaiden se út. Net ien rekke ferwûne.

Hoefolle jild meinaam is wol de plysje net sizze. It personiel fan Poiesz is opfongen troch slachtofferhelp. De plysje hat in resjerzjeteam op de saak set. De winkel is gewoan iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)