Oerfal op winkel yn Harns

11 feb 2010 - 10:12

Op de Foarstrjitte yn Harns is woansdei oan 'e ein fan 'e middei in oerfal op in winkel mislearre. In ûnbekende man rûn de winkel yn en rôp tsjin de kasjêre dat se de kassa iepenje moast. De meiwurker fan de winkel skrok sa bot dat dat net slagge. Dêrop gie de oerfaller fuort.

De plysje wie gau te plak, mar koe de dieder net fine. Tsjûgen dy't wat sjoen hawwe, kinne harren melde by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)