Oerfal op wenning yn Ljouwert

30 des 2012 - 14:24

Sneontejûn is oan de Molenstrjitte yn Ljouwert besocht in wenning te oerfallen. De plysje krige berjocht dat in tal manlju de doar fan it hûs forsearren en letter dat trije fertochten nei it Westerpark flechten. Doe't de plysje oankaam wie de doar folslein ûntset en wie der jild meinommen. De bewenner fan hege leeftyd hie flak dêrfoar syn hûs ferlitten. De plysje siket tsjûgen. Flak foar it ynsidint binne yn it Westerpark in soad hurde knallen heard. De plysje tinkt dat de fertochten dêrmei mooglike tsjûgen ôfliede woene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)