Oerfal op tabakssaak Ljouwert

28 des 2003 - 00:00

Trije manlju ha sneon oan 'e ein fan de middei in tabakssaak oan 'e Mr P.J. Troelstrawei yn Ljouwert oerfallen. De eigner fan 'e Primera waard troch de trije dieders bedrige mei ûnder oare in pistoal.

De dieders binne se mei in ûnbekend jildbedrach en sloffen sigaretten útnaaid. Tsjûgen seagen se yn de rjochting fan de Roodborststrjitte rinnen. Opfallend wie dat se alle trije in sporttas en huodden of petten hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)