Oerfal op supermerk De Gordyk

06 feb 2010 - 12:04
  • De Super de Boersupermerk op 'e Gordyk

Twa ûnbekenden hawwe sneontemoarn besocht om de Super de Boer oan de Badwei op 'e Gordyk te oerfallen. Se bedrigen in meiwurker dy't de personielsyngong iepenje woe mei in fjoerwapen. De man wegere en rôp lûd om help. Hy krige dêrop in klap mei it pistoal op de holle, wêrnei't de oerfallers útnaaiden.

De meiwurker rekke net ferwûne, mar is wol bot skrokken. Oft der in ferbân is mei eardere oerfallen op supermerken yn Ljouwert en Harns wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)