Oerfal op snackbar yn Snits

01 okt 2001 - 00:00

Yn Snits is snein in snackbar oer- fallen. De eigner wie mei in freon dwaande de saak ôf te sluten, doe't 3 manlju mei bivakmûtsen de saak binnen- kamen en har bedrigen mei in pistoal.

De trije bûnen de eigner en syn freon fêst en naaiden út mei wat sieraden en in grut jildbedrach. De plysje fûn letter op it yndustryterrein in auto dy't mooglik brûkt waard as flechtauto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)