Oerfal op snackbar Bakkefean

15 sep 2012 - 10:39
  • Plaza De Kolk yn Bakkefean waard freedtejûn oerfallen

Yn Bakkefean is freedtejûn om ûngefear healwei tolven in wapene oerfal útfierd op snackbar Plaza De Kolk oan de Foarwurkerwei. De dieder frege om jild en drige mei in mes. De plysje hat op Burgernet minsken oproppen om út te sjen nei in blanke man mei in foars postuer en blond koart hier. De man hie in legergriene jas oan en is útnaaid yn in wite VW-golf dêr't mooglik ek oare persoanen yn sieten. De man hat in pear hûndert euro bút makke.

De Burgernetaksje hat freedtejûn net mear opsmiten as 'in pear tips'. De plysje ûndersiket de saak.

De plysje hat de meiwurkers fan Plaza De Kolk slachtofferhelp oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)