Oerfal op snackbar Aldskoat yn Opsporing Verzocht

15 jun 2015 - 12:02
  • De webside fan Opsporing Verzocht

Yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn de oerfal fan 18 maart op de snackbar oan de Archimedeswei yn Aldskoat te sjen. Yn de reportaazje lit de plysje bylden fan de oerfal sjen. In man mei in bivakmûtse op en in fjoerwapen yn de hân kaam de saak yn, bedrige in meiwurkster mei it wapen en easke jild. De skrokken frou joech him it jild út de kassa.

De oerfaller hat in smel postuer en is sawat 1.80 meter. Hy hie in strakke trui en in joggingbroek mei sportskuon oan. De plysje hopet dat de man oan syn klean werkend wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)