Oerfal op Lemster frou (81)

06 jul 2011 - 11:29

Op De Lemmer is tiisdeitejûn besocht in 81-jierrige frou te berôvjen. In groep fan fiif froulju drongen har hûs binnen. It hûs is trochsocht, mar der is neat meinaam. Se naaiden út yn in reade auto.

De frou warskôge buertbewenners. Dy hawwe it doarp troch west om de auto te sykjen, mar dat is net slagge. De plysje yn Fryslân en Flevolân hat ek nei de auto útsjoen. Flevolân is ynskeakele omdat de froulju mooglik út de omkriten fan Lelystêd komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)