Oerfal op hoarekasaak yn Harns

14 jul 2002 - 00:00

In hoarekasaak yn Harns is sneontemiddei oerfallen. Op dat stuit wiene der twa meiwurksters yn de saak: in 26-jierige frou út Harns en in 26-jierige frou út Wytmarsum.

De oerfaller wie der earder ek al, mar wie nei 10 minuten weromkaam. Hy dronk noch in pilske en dêrnei bedrige er it personiel mei in mes. Mei jild út de kassa en út 'e klûs naaide er út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)