Oerfal op Dokkumer oplost

12 mrt 2004 - 00:00

De plysje hat mei de oanhâlding fan trije manlju de oerfal op in 57-jierrige Dokkumer oplost. Hy waard syn hûs útlokke troch twa fan de trije fertochten en moast syn jild ôfjaan. De bút wie goed 300 euro.

De tredde man, sûnder fêst wenplak, soe de opdrachtjouwer wêze. It slachtoffer is de heit fan syn eks-freondinne. De tredde wist dat er jild hie. De trije manlju binne foarlaat en moatte yn alle gefallen noch tsien dagen fêstsitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)