Oerfal op boadskipjende frou

19 sep 2010 - 14:59

In 55-jierrige frou út De Lemmer is freedtejûn oerfallen op de Lijnbaan yn har eigen wenplak. Se hie boadskippen dien en rûn nei hûs ta. Samar ynienen waard de frou oanfallen en slein. It slachtoffer foel en rekke út 'e tiid. Twa omstanners holpen de frou en brochten har thús. Letter die bliken dat har beurs fuort wie.

De plysje is op syk nei de beide omstanners dy't it slachtoffer holpen hawwe. Minsken dy't wat sjoen hawwe fan 'e oerfal wurde ek socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)