Oerfal op benzinepomp

20 feb 2005 - 12:47

In ûnbekende man hat freed oan it begjin fan de jûn besocht in benzinestasjon te oerfallen. Dat wie oan de Boargemaster Falkenaweg op It Hearrenfean.

In meiwurker seach dat de man deryn woe mei in mes yn 'e hân en die dêrom gau de doar ticht. De oerfaller is útnaaid oer de Sallandlaan. De plysje is op syk nei tsjûgen. Yn Dokkum is dizze wike ek in benzinepomp oerfallen. Dêrby is wol jild stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)