Oerfal op âlder echtpear yn Harns

29 des 2014 - 05:58

In âlder echtpear is sneintejûn oerfallen yn harren wenning oan de Babingawei yn Harns. De slachtoffers, in man fan 83 en syn frou fan 81 jier, wiene thús doe't der oanbelle waard. Doe't de man de doar iependie, besochten twa jonges binnen te kommen. Ien fan harren drige dêrby mei in mes.

De frou rôp dat de plysje belle wie en dêrop naaiden de dieders sûnder bút út. De plysje hat noch in boargernet-aksje starten, mar dat hat neat opsmiten.

De fertochten binne twa jonges fan sa'n 1 meter 70 lang. Sy binne útnaaid op in fyts yn de rjochting fan De Spijker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)