Oerfal op âlde frou yn Grou

04 okt 2010 - 20:57
  • Foto's: Omrop Fryslân

Yn Grou oan de Meerswei hat moandeitejûn in oerfal west yn in wente fan in 89-jierrige frou. Dêrby is noch in ûnbekend jildbedrach meinaam. De plysje is op syk nei in blanke man fan tusken de 20 en 30 jier. Hy is sa'n ien meter santich grut en hat in baseballcap op. Hy hat in swarte jas oan, in donkere broek en wite skuon.

De plysje hat fia Boargernet in oprop dien om nei de fertochte út te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)