Oerfal mei skjirre

28 jun 2007 - 10:43

In ûnbekende frou hat woansdei tusken de middei ûnder bedriging fan in skjirre in kassjêre fan in winkel oan de Foarstreek yn Ljouwert oerfallen.

De fertochte kaam om in oere as healwei ienen de saak yn. Se bedrige de meiwurkster mei in skjirre en die in greep yn 'e kassa. Dêrnei naaide de fertochte út mei it jild. De plysje hat noch nei de frou socht, mar koe har net mear fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)